Earste snein fan Advint
Mienskiplik lêsroaster
Gebed fan ’e snein (jier A-B-C)
Kom oer mei macht, o God
en kom nei ús ta,
rêd ús út de gefaren
dy’t wy sels oproppen hawwe
en hâld om ús hinne
jo beskermjende hannen.
jier A
Gebed fan ’e snein
Jo,
dy’t wurden fan ûnthjit hawwe
foar minsken dy’t longerjend útsjogge
nei jo kommen,
lit har de frede
dêr’t de wrâld op wachtet,
neieroan bringe
en lit ús sa fernimme
wa’t Jo foar ús binne,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 122
Brieven
Evangeelje
Eingebed
God fan Jakob,
lit ús ferrize út ’e sliep
en lit ús gean yn jo ljocht
om de dei te begroetsjen,
dat Hy ferskynt,
dy’t yn eigen persoan
jo ûnthjit fan frede is:
Jezus, de Minskesoan,
dy’t ús ta it libben liedt,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
jier B
Gebed fan ’e snein
Hoeder fan minsken,
meitsje ús net beskamme
as wy fol ferwachting útsjogge
nei jo ferskinen ûnder ús.
Iepenje ús de eagen
foar it teken fan jo trou
dat Jo ús toane yn Jezus
yn wa’t Jo ûnder ús wenje wolle,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 85
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Skepper fan minsken,
lit it wurk fan jo hannen net los,
mar jou dat wy Jo kenne
as Jo foar ús steane
en jo antlit sjen litte
yn in minske fan fleis en bloed,
dy’t ús fertroud makket mei Jo,
Jezus, ús broer,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
jier C
Gebed fan ’e snein
Jo, dy’t in freon wêze wolle
foar allegearre dy’t jo Namme heechhâlde,
lit de tiid komme
dat jo beloften wier wurde
en stjoer Him yn ús fermidden,
dy’t ús oerein hâldt
as hearren en sjen ús fergiet,
en de wrâld skoddet
ûnder ûnrjocht en geweld
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 50:1-6
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Hoeder fan alle libben,
dy’t ús by de namme ken,
lit jo skepping
op ’e nij berne wurde
en meitsje in ein oan de nacht
dy’t de wrâld fertsjusteret.
Stek yn ús fermidden jo ljocht oan
yn in minske dy’t rjocht docht
en ús sjen lit mei nije eagen:
Jezus Messias, ús rêder,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.