Twadde snein fan Advint
Mienskiplik lêsroaster
Gebed fan ’e snein (jier A-B-C)
Rop ús herten wekker, God,
dat wy wach binne
en bliid ree steane
om jo Soan te ûntfangen
en ien mei Him
Jo fan herten te tsjinjen.
jier A
Gebed fan ’e snein
Bekear ús ta Jo, o God,
en lit jo wurden
ús helpe om oan te nimmen,
dat jo tasizzingen wierheid wurde
mei de komst fan Jezus Messias
foar de hiele wrâld
en alle minsken dy’t dêrop wenje,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 72
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Jo, dy’t fol ûntferming
ús libben yn jo hannen hâlde:
hear ús bidden
en lit jo skepping nij wurde.
Meitsje in ein oan de nacht
dy’t de wrâld fertsjusteret
en lit jo Soan it ljocht wêze,
dat wy inoar
mei nije eagen sjen kinne,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
jier B
Gebed fan ’e snein
Ivige God,
dy’t fan âlde tiden ôf
jo boadskip hearre lit
troch de mûle fan profeten,
lit ús yn Jezus Messias sjen
wat Jo mei ús wolle,
en meitsje in nij begjin
fan gerjochtichheid en wierheid
ûnder de minsken,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 80:1-8
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Jo, dy’t ús hope binne
op it kommen fan jo ryk,
lit jo Wurd frucht drage
yn minsklike goedens,
yn fersoening tusken de folken,
yn in frede op ierde,
dy’t boppe ús ferwachting útgiet
en ivich wêze sil
om ’e wille fan Jezus jo Soan,
dy’t ús leafde foar jo Namme jout,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
jier C
Gebed fan ’e snein
Jo, dy’t troch de ieuwen hinne
oan minsken trou west hawwe,
kom ta ús
en lit jo Wurd ús oanreitsje.
Fernij ús libben troch Him
yn wa’t de nije dei begjint:
Jezus Messias, jo rjochtfeardige,
dy’t hope jout oan alle minsken
dy’t ûnder de sinne libje,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 126
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Jo, dy’t ús lot te’n goede keare
as wetter yn ’e woestenije,
rjochtsje ûnder ús
tekens fan gerjochtichheid op
en lit de dei komme,
dat minsken en folken frede slute
en de ierde in hûs wurdt
dêr’t it feilich wenjen is,
om ’e wille fan Him
yn wa’t Jo ús hope fernije,
Jezus Kristus,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.