Fjirde snein fan Advint
Mienskiplik lêsroaster
Gebed fan ’e snein (jier A-B-C)
Kom, o God,
mei jo macht nei ús ta.
Stean neist ús,
mei de krêft fan jo goedens.
Lit net ta
dat jo wil wjerstien wurdt
troch wat wy dien hawwe
en oerwin troch jo leafde
alles wat Jo tsjinstiet
en jo takomst opkeart.
jier A
Gebed fan ’e snein
Ivige God,
fan wa’t de ierde is en alles wat derop libbet,
iepenje ús herten
om de tekens te ferstean
dêr’t Jo ús yn sjen litte
wat jo bedoelings binne.
Lit ús yn dizze oere sjen
hoe’t wy de hope fêsthâlde kinne
by alles wat oer ús komt,
om’t Jo by ús binne
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 24
Brieven
Evangeelje
Eingebed
God fan Abraham, Izaäk en Jakob,
wy tankje Jo
foar de wurden en de tekens
dy’t ús de dei oansizze
dat jo keninkryk komt.
Wy tankje Jo benammen om har
út wa’t it ljocht fan de wrâld
foar ús begûn is te skinen: Maria,
dy’t segene is ûnder de froulju.
Jou dat wy allyksa
yn jo beloften diele meie,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
jier B
Gebed fan ’e snein
Jo, dy’t jo tinte opsette wolle
om by ús te wenjen,
iepenje ús de eagen
foar de Boadskipper fan jo frede
dy’t it ljocht fan ’e wrâld is,
it Wurd út jo mûle.
Meitsje ús frij
om yn it bern fan de faam
Him te begroetsjen
yn wa’t jo beloften wierheid wurde:
Jezus Messias,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 132
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Jo Alderheechste,
foar wa’t neat ûnmooglik is,
ferhear ús gebeden
en meitsje in ein oan it tsjuster
dat ús finzen hâldt.
Meitsje de wrâld ta jo wenning
om ’e wille fan allegearre
dy’t heil ferwachtsje fan jo wurden,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
jier C
Gebed fan ’e snein
Jo, dy’t de ierde
fruchtber meitsje
troch de dauwe en de rein
fan jo Wurd,
iepenje ús allegearre foar jo libbenskrêft
en kom ús temjitte
yn de Soan fan Maria
dy’t it bewiis is fan ús fertrouwen
yn jo ferbûn mei ús,
dat ivich duorje sil.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 80:1-8
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Hoeder fan minsken,
dy’t ús libben bewarje wol,
wy tankje Jo
dat it lytse foar Jo net te min is
om jo trou oan ús bekend te meitsjen.
Jou dat wy ús hope hâlde op Jezus, de soan fan Maria,
en dat wy yn syn fuotprinten
it libben yngean meie,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.