Tredde snein fan Advint
Mienskiplik lêsroaster
Gebed fan ’e snein (jier A-B-C)
Sjoch nei ús om, o God,
en harkje nei ús bidden.
Wês ús genedich
en kom nei ús ta.
Lit de sinne fan jo gerjochtichheid
einlings opgean
oer ús hjir op ierde
en oer ús fertsjustere bestean.
jier A
Gebed fan ’e snein
Jo, dy’t blinen de eagen iepenje
en brutsen minsken oerein helpe,
hifkje ús geduld net langer,
mar rêd ús en bliuw by ús.
Befêstigje jo ferbûn
dat ús libben fernijt en blydskip jout,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 146
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Jo, dy’t jo Wurd trou bliuwe
en minsken rjocht dogge,
bewarje ús by jo Wurd
en lit jo Soan de boade wêze
dy’t ús de wei wiist nei in wrâld
dêr’t Jo sels ús ljocht binne
en dêr’t jo tasizzingen wierheid wurde:
rjochtfeardige frede foar allegearre,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
jier B
Gebed fan ’e snein
Jo, dy’t mei minsken begien binne,
kom en fernij de ierde
troch it ljocht dat skynt yn Jezus,
jo warleaze tsjûge.
Lit ús harkje nei syn stim
en Him folgje yn de leafde foar minsken
dêr’t Hy ús yn foargien is,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 126
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Jo, dy’t antwurdzje
ear’t wy ta Jo roppe,
lit jo ljocht opgean
oeral op ierde
dêr’t minsken heil ferwachtsje.
Meitsje in nij begjin
en wiis ús de goede wei
fan Jezus jo Soan.
Diel ús jo blydskip mei
en meitsje ús ta wurkers
fan barmhertichheid en leafde,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
jier C
Gebed fan ’e snein
Jo, Hoeder en Rêder fan minsken,
dy’t de wrâld bliid meitsje
en minsken ta inoar bringe
yn rjochtfeardige leafde,
lit ús jo leafde sjen
as wy nei jo wurden harkje
en stjoer ús de Boade fan jo trou:
Jezus, ús broer,
de boarne fan hope foar alle minsken,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.
Profeten
Antwurdpsalm
Psalm 85
Brieven
Evangeelje
Eingebed
Jo, dy’t by ús wenje wolle,
harkje nei it roppen fan jo minsken
en lit jo ljocht oer ús opgean.
Jou de wrâld hope op frede
en trúnje ús ta dieden oan
yn trou en leafde foar minsken
om ’e wille fan Him dy’t ús leafhat:
Jezus Messias, jo Soan,
hjoed en alle dagen dy’t komme.
Amen.